Podium Explore

Podium Explore is de thúsbasis fan Explore the North. It hiele jier troch wurkje wy gear mei dichters, muzikanten en oare makkers út it Noarden oan ferskate projekten. Dy binne te sjen op festivals en yn teäters troch it hiele lân – en fansels ek by ús oan de Bagynestrjitte yn Ljouwert!

By Podium Explore toverje keunstners eltse freed in glimk op dyn gesicht by de fleurichste, poëtyske feestkes en shows. Niemand giet hjirwei sûnder wat nijs sjoen, heard, proefd of fielt te hawwen. Wolst sels dyn eigen wurdkeunst diele by de open mic-jûnen? Dyn mede-spiler thússtjoere mei prullaria by Kutzooibingo? By Podium Explore kin it allegear!

Iten yn it kafee
Do kinst ek foar de foarstellings delkomme yn ús kafee foar in hapke tusken 18:00 en 20:00 oere. Kom noflik fan tefoaren iten yn ús 100% vegetarisch kafee of genietsje fan it selsmakke lekkers by de bar as brânstof foar de jûn. Asst fan tefoaren reservearje wolst, kinst dat dwaan troch in mailtsje te stjoeren nei Horeca@explore-the-north.nl

Mytyske ferhalen, iepen poadiums en dyn meispiler mei in disco-flamingo nei hûs stjoere.

Yn Podium Explore soargje keunstners foar in glimk op dyn gesicht mei de fleurichste, poëtyske feestjes. Do harkest nei mytyske ferhalen, sjochst de jongste generaasje skriuwers en taalkeunstners skitterjen en noch folle mear.

Op in yogamat nei ferhalen harkje wylst in projeksje oer it plafond fan dizze âlde tsjerke beweecht? Dyn meispiler nei hûs stjoere mei frutselguod by de Kutzooibingo? Yn Podium Explore kin it allegear!

Nim sels it poadium mei dyn eigen spoken word-optreden of taalkeunst by ien fan de ferskate open mics, of komst lekker ite yn ús kafee.

Kafee

Us kafee yn Podium Explore is alle freeds iepen fan 12:00 oere oant 00:00 oere! Foar in lekkere lunsj, kofje, gebak en in wykliks wikseljend diner (vegetarysk). Fan bietenburger oant chokochili – ús sjefs ferrasse dy elts wykein wer mei wat nijs.

Skiednis fan de lokaasje

Podium Explore stie earder ek wol bekend as De Westerkerk en Poppoadium Romein, mar de skiednis fan de tsjerke giet fansels folle fierder werom.