Podium Explore

Podium Explore is de thúsbasis fan Explore the North. It hiele jier troch wurkje wy gear mei dichters, muzikanten en oare makkers út it Noarden oan ferskate projekten. Dy binne te sjen op festivals en yn teäters troch it hiele lân – en fansels ek by ús oan de Bagynestrjitte yn Ljouwert!

By Podium Explore toverje keunstners eltse freed in glimk op dyn gesicht by de fleurichste, poëtyske feestkes en shows. Niemand giet hjirwei sûnder wat nijs sjoen, heard, proefd of fielt te hawwen. Wolst sels dyn eigen wurdkeunst diele by de open mic-jûnen? Dyn mede-spiler thússtjoere mei prullaria by Kutzooibingo? By Podium Explore kin it allegear!

Iten yn it kafee
Kom foardat it jûnsprogramma begjint gesellich iten yn ús kafee, of genietsje fan sels makke lekkers by de bar as brânstof foar de jûn. Op wikseljende jûnen tsjinje wy in dei-happe foar €10,- klearmakke mei griente út de tún fan Arno. Arno’s iisel leit sa’n 25 km bûten Ljouwert en wurdt runt tegearre mei syn broers – biologysk, lytsskalich en in echte mienskipstún. Superlokaal iten dus, fan grûn oant boerd! Reservearje kin fia horeca@explore-the-north.nl.

Adres: Bagijnestraat 59, Ljouwert

Agenda

Thu 24 Sep

SHIFT: Agnese Valmaggia – I Never Lie

Tusken frije jazz en feminisme stelt Valmaggia de fêstige oarder ter diskusje.

Podium Explore
Thu 1 Oct

Café ‘t Pareltje: Eating peanuts and crafting

Queer Factory iepenet op ‘e nij de doarren fan Café ’t Pareltje!

Podium Explore
Wed 7 Oct

Woorden op Woensdag

Podium Explore
Fri 23 Oct

Douwe Dijkstra en de sneue vertoning – Infuusgabbers

In mediysk-komysk ynfuusvochtdrama oer minsklike ferbyntenis yn polarisearjende omstannichheden

Podium Explore
Wed 4 Nov

Woorden op Woensdag

Podium Explore
Wed 2 Dec

Woorden op Woensdag

Podium Explore

Mytyske ferhalen, iepen poadiums en dyn meispiler mei in disco-flamingo nei hûs stjoere.

Yn Podium Explore soargje keunstners foar in glimk op dyn gesicht mei de fleurichste, poëtyske feestjes. Do harkest nei mytyske ferhalen, sjochst de jongste generaasje skriuwers en taalkeunstners skitterjen en noch folle mear.

Op in yogamat nei ferhalen harkje wylst in projeksje oer it plafond fan dizze âlde tsjerke beweecht? Dyn meispiler nei hûs stjoere mei frutselguod by de Kutzooibingo? Yn Podium Explore kin it allegear!

Nim sels it poadium mei dyn eigen spoken word-optreden of taalkeunst by ien fan de ferskate open mics, of komst lekker ite yn ús kafee.

Kafee

Us kafee yn Podium Explore is alle freeds iepen fan 12:00 oere oant 00:00 oere! Foar in lekkere lunsj, kofje, gebak en in wykliks wikseljend diner (vegetarysk). Fan bietenburger oant chokochili – ús sjefs ferrasse dy elts wykein wer mei wat nijs.

Skiednis fan de lokaasje

Podium Explore stie earder ek wol bekend as De Westerkerk en Poppoadium Romein, mar de skiednis fan de tsjerke giet fansels folle fierder werom.