Der hinget wat yn ‘e loft boppe Ljouwert. In bytsje Hillige Geast, in bytsje rave-swit, in bytsje waskfersêfter. Explore the North komt werom op 20 o/m 22 novimber 2026 en de earste seis nammen binne bekend. Fan woede oant skimmelnetwurk en fan nifelpunk oant sakrale koartrippen: dit wurdt in programma dat dy net samar loslit. It binne acts dy’t harren net gearfetsje litte, mar dy wol bybliuwe.
De kommende moannen meitsje wy noch folle mear nammen bekend. Helje hjirûnder alfêst dyn Alderierste Fûgelkaartsje foar €45,50, of in Jongerekaartsje foar €28,50 (13 o/m 25 jier én studinten). Wy ferkeapje gjin kaartsjes foar losse programma’s.
Utljochte programma
Festivaltema 2026: Oeral útsein hjir
Oeral wolle wêze, útsein hjir en no. Hoe grimmitiger de wrâld, hoe mear minsken sykje nei ‘wat betters’, wat oars of wat nijs. Wat der no kloppet net, mei net of kin net. En dus sjitte we alle kanten út. Wy flechtsje yn eartiids, yn fertroud, yn radikaal oars, yn in takomst dy’t better wêze kinne of moatte soe.


Foarige edysjes
Benijd wat der yn de ôfrûne jierren op it programma stie? Sjoch werom op alle festivaledysjes yn ús argyf.