Frijwilliger wurde?
Om Explore the North Festival en Podium Explore draaiende te hâlden, hawwe wy frijwilligers nedich foar in protte ferskillende funksjes. Tink bygelyks oan publyksbegelieding, sjauffeurs en runners.
Om Explore the North Festival en Podium Explore draaiende te hâlden, hawwe wy frijwilligers nedich foar in protte ferskillende funksjes. Tink bygelyks oan publyksbegelieding, sjauffeurs en runners.
Fan 20 oant en mei 22 novimber barst Explore the North Festival 2026 los. Us festival fol ferrassende foarstellings, konserten en kulturele aktiviteiten. Wy feroarje Podium Explore, de thúsbasis fan Explore the North, en de rest fan de binnenstêd fan Ljouwert yn in aventoerlik moetingsplak foar makkers, ferhalen en publyk. As frijwilliger bist ûnderdiel fan dizze brûzjende perioade: do helpst efter de skermen, hjittest besikers wolkom of stypest by yntime foarstellings en optredens.
Dyn help makket it mooglik!
Help ús om de moaiste keunst, muzyk en literatuer oan elkenien sjen te litten yn ús moaie Ljouwert, en om it moaiste festival fan ’e wrâld op ’e kaart te setten mei de leukste groep minsken ea! Mei jim derby slagget dat sûnder mis!
Hast fragen of wolst dy oanmelde? Stjoer dan in mailtsje nei Jan-Willem, ús frijwilligerskoördinator, op vrijwilligers@explore-the-north.nl of meld dy hjirûnder oan!