Explore the North betinkt en ûntwikkelet har produksjes yn de Westerkerk (Podium Explore), ien fan de âldste gebouwen fan Ljouwert. De tsjerke waard yn 1519 boud as kapel fan it Sint-Annakleaster, foar de Bagijnen (of Begijnen).
Bagijnen wiene froulike geastliken sûnder kleasteroarder en sûnder kleasterbelofte. It wiene frije geasten dy’t har yn ienfâld tawijden oan wurk en hânwurk. Mar se joegen ek ûnderwiis yn lêzen en skriuwen.
De namme Bagijnen (Frânsk: Béguines) is mooglik ôflaat fan de stammerjende, mar likegoed tige welsprekende Flaamske preester Lambert le Bègue – ‘de Stammerer’ – dy’t it earste bagijnenkleaster stifte.
Nei’t de Bagijnen it kleaster yn 1580 ferlieten, hat de kapel yn de iuwen dêrnei in ferskaat oan funksjes hân. Fan 1617 oant 1619 wie it de Ljouwerter keamer fan de Rederikers, klups fan amateurdichters en literêre keunstners yn de Noardlike Nederlannen.
Nei de Protestantske Reformaasje waard de kapel yn 1643 omneamd ta de Westerkerk en hat sa ieuwenlang tsjerketsjinsten fersoarge. De namme is as monumint altyd bleaun. Yn 1845 waard de tsjerke ûnder lieding fan arsjitekt Thomas Romein grutskalich ferboud en útwreide mei in twadde beuk.
Fan 1992 oant 2005 wie it Theater Romein, fan 2006 oant 2016 Poppodium Romein, en sûnt maart 2024 is it dus Podium Explore.
It feit dat dit hûs fan taallearende kleasterlingen – dy’t har namme ûntlienden oan in wolsprekkende stammerer – dêr’t fernijende dicht- en skriuwkeunst ûntstie en dêr’t it Wurd ferkundige waard, no wér in plak foar taal- en redenkeunst is wurden, is in mear as earefolle fuortsetting fan dizze histoaryske line!
Dizze skiednis is beskreaun mei tank oan ús buorman Sipko Dotinga.