HYPERPOËZIE - PROTECT ME FROM WHAT I WANT

Wat bart der as in sêfte aktivist, in waarmhertige ferhaleferteller en in diva op paad geane om de oarsprong fan de wrâld te ûntdekken? Yn dizze literêre punkfoarstelling geane Mees van Rijswijk, Johannes Lievens en Marieke Ornelis werom nei it alderearste begjin. Se sjogge fideo’s oer de produksje fan bloedwoarst, bringe in IKEA-krukje werom nei de Karpaten en plúzje it Alde Testamint útinoar. Mei in miks fan ferhalen, lieten en poëzij wrakselje se mei ien sintrale fraach: wêr is it allegear misgien?

In ymprovisearre ferzje fan in konsuminteprogramma dat fierder sjocht as de produksjeprosessen efter iten en deistige produkten. In syktocht nei antwurden yn gearspanningsteoryen, myten en roddels. PROTECT ME FROM WHAT I WANT is in libbene poging om hjoeddeiske machtsstruktueren te befreegjen troch yn te zoomjen op de alderlytste details.

Wa?

HYPERPOËZIE (earder Drie Dagen Fris) is it literêre kollektyf fan Mees van Rijswijk, Marieke Ornelis en Johannes Lievens. Bewapene mei pennen en in drummasine geane se op paad om dyn hert, dyn taal en dyn ferbylding te feroverjen. It wurk fan HYPERPOËZIE is in oanklacht tsjin kompromissen en tagelyk in poëtysk manifest foar it finen fan wille, wylst alles om ús hinne útinoar falt.

Credits

Makke en spile troch: Johannes Lievens, Marieke Ornelis en Mees van Rijswijk | Senografy: Musia Mwankumi | Produksje: HYPERPOËZIE | Koproduksje: Explore the North | Yn gearwurking mei: OPROER, Grand Theatre, MartHa!tentatief, De Blikfabriek, Het Nationale Theater, MIMIK en BRUT | Mei tank oan: Oerol, STORMRAM, De VriendenLoterij en VONK & Zonen