De Schrijfclub

De Schrijfclub is in klup. Foar skriuwers. En foar minsken dy’t per ongeluk in notisjeboekje kochten en no in ropping fiele opkommen.

Wy meitsje dingen. Teksten foaral, mar soms ek gaos. Wy prate, wy drage foar, wy suchtsje djip-dramatysk nei lege siden en wy skriuwe fansels. Op rammeljende typmasines yn it kafee fan Podium Explore, op laptops mei 37 iepen ljepblêden of yn skriften dêr’t ek boadskippelisten en eksistinsjele grappen yn steane.

Wy jouwe elkoar tips. Wy probearje út. Wy mislearje mei styl. Wy meitsje in zine. Wy diele wille en fertriet op skriuwmêd. Skriuwersblokkade? Ja shit, dy komt hjir ek gewoan binnen sûnder oan te klopjen. Mar moai datst der dan tegearre nei starre kinst.

Wy hawwe it oer styl, oer ritme, oer wêrom’t elke earste ferzje rûkt nei wanhoop. Oer hoe the fuck’st by in útjouwer telânne komst. Is dêr in geheime doar? In wachtwurd? Moatst trije kear “manuskrip” fljusterje by folle moanne?

Koartsein: wy skriuwe, laitsje, twifelje, skrasse, begjinne opnij en dogge as oft wy witte wêr’t wy mei dwaande binne.

Fan tiid ta tiid lêze wy foar út ús eigen wurk. Wolst ús hearre? Of mear witte? Sjoch dan even yn de aginda fan Podium Explore wannear’t wy wer optreden.