In jonge knipt op in dei syn hier ôf en einiget in freonskip. In kapper droomt fan in bestean as wrâldferneamd natuerkundige. In famke wol dat har âlden oars nei har sjogge en ferft har hier pears.
Wa kent it net? It ferlet om wer as nij de wrâld yn te stappen? Dêr giet it om yn De Kapsalon. Trije koarte foarstellings yn trije ferskillende kapsalons.
De Kapsalon is skreaun troch trije jonge minsken, ôfkomstich fan de oplieding Jonge Schrijvers fan Meeuw en Explore the North. De Kapsalon spilet fan 9 maart oant en mei 6 april 2023 elke tongersdeitejûn 2 kear. De start fan de foarstelling is by De Walrus oan it Gouverneursplein yn Ljouwert. Dêrnei kuiert it publyk mei nei 3 oare lokaasjes yn de binnenstêd. Kaarten (€ 15) kinne hjir kocht wurde: op de webside fan Meeuw jonge theatermakers.
Credits
Mei: Pieter van Aalst, Iris Dicke, Nina Los, Hedzer Seffinga, Melle Tollenaar, Hannah de Vries, Rixt Siderius, Fardau Nijboer, Oane Marten van der Veen, Sinne Nova van Dieren, Julius van der Monde, Vanity Gerrits
Jonge schrijvers: Iris Dicke, Tidde van Mourik en Stijn Schootstra
Begelieding skriuwers: Wessel de Vries
Regy: Ali Zijlstra, Jelke Rijpma en Hilde Mulder
Foarmjouwing Josefine Smid
Byld Tryntsje Nauta