Chagall - Unlocked

Yn Unlocked treedt sjongeres/performer Chagall op yn har unyke ynteraktive ljochtynstallaasje B.A.B.Y.. Mei help fan sensors en de beweging fan har lichem bestjoert se wylst se sjongt alle technyske aspekten fan har performance: fan muzyk oant ljochteffekten.

It projekt wie te sjen yn ûnder oare Paradiso, op Eurosonic Noorderslag en yn The Barbican London.

Likegoed as foar in protte oare minsken feroare it libben fan sjongeres en produsint Chagall yn maart 2020 folslein. Nei jierren fan rinne, fleane en hurd wurkjen, siet se krekt as folle keunstners thús. In konfronterende omslach, mar ek in dy’t nije ynspiraasje brocht. Ynstee fan toeren, dook se de studio yn en skreau se in rits nije nûmers. Dit resultearre yn Unlocked: Wat komst tsjin fan dysels ast efkes hielendal stilstean moast? Chagall bringt dit wurk nei bûten yn in nije live muzykrûmte, wêr’t sy mei sensors en de beweging fan har lichem en hannen alle elektryske eleminten yn de muzyk bestjoert, wylst se tagelyk kontrôle hat oer in immersyve ljochtynstallaasje. Chagall sjongt, spilet en beweecht har yn de ynstallaasje dy’t in netwurk fan opljochtjende neuronen foarmet. Unlocked is in fúzje fan keunstfoarmen en de ferskillende talinten fan Chagall en har team, dy’t sûnt maart 2020 allegear mei jokjende hannen thús sieten.

Wy presintearje dizze foarstelling yn gearwurking mei Welcome to The Village. Unlocked is in koproduksje fan Paradiso Melkweg Produksjehûs en Explore the North. It projekt wurdt mei mooglik makke troch it Amarte-fûns en it Dioraphte-fûns.