Baukje Zijlstra

Baukje Zijlstra wurket as skriuwster en redakteur foar útjouwers yn Nederlân en België. Sy hat ferhalen publisearre yn ûnder oaren Ensafh, Friesch Dagblad en Revisor. Ek hat sy ferskate priizen wûn foar ferhalen yn it Frysk en it Nederlânsk, dêrûnder trije kear de Rely Jorritsma Priis en opname yn de seleksje fan 25 bêste ferhalen rûnom it Boekenweekthema Gouden tijden, zwarte bladzijden. Yn it foarjier fan 2018 ferskynde har debútroman De koma-korrektor, oer in befelweger yn de dekolonisaasjewrâld yn Yndoneezje yn de jierren fjirtich. Sjoch foar mear ynformaasje op http://www.baukjezijlstra.nl.