Tweespraak 2026

Tweespraak is in inisjatyf fan seis kulturele organisaasjes yn Ljouwert, dêr’t keunstners stipe wurde by it meitsjen fan nij ynterdissiplinêr wurk, dat oan it ein fan it trajekt toand wurdt by keunstenfestival De Broeikas op 31 oktober. Mei in spesifike fokus op ûntwikkeling en profesjonalisearring wurde makers gedurende it hiele trajekt begelied op basis fan harren behoeften, wêrby’t se rekkenje kinne op de ekspertize fan twa organisaasjes.

Ek dit jier is der wer in nije edysje fan Tweespraak. Ditmaal mei trije nije makers: Maha Eljak, Sybren van der Velde en Caillyn Vos. Fanút Explore the North begeliede wy dit jier Maha Eljak.

Bliuw op de hichte fan de lêste updates en folgje de projekten fan de makers fia de platfoarms fan alle partners: Explore The North, PopfabrykVHDGNew Noardic WaveTryater en Keunstwurk.

Maha Eljak (Snits, 2001) is in multidissiplinêre maker dy’t wurket mei muzyk, tekst en byldzjende keunst, en tema’s ûndersiket as identiteit, diaspora en ferset. Mei har zine Mahazine makket se romte foar ûntbrekkende perspektiven en trochbrekt se dominante bylden, en op dit stuit ûntwikkelet se har eigen lûd. Yn har nijste projekt, in EP kombinearre mei in nije edysje fan Mahazine, ûndersiket se ‘joy’ as eat dat njonken pine en konflikt bestean kin, en krekt dêryn in foarm fan krêft wurdt.

Sybren van der Velde (Den Haag, 2001) is in Britsk-Nederlânske keunstner dy’t yn 2024 ôfstudearre oan de Toneelacademie Maastricht as performer. Syn praktyk beweecht him tusken it sichtbere en it hearbere, ferbûn troch it konsept hypernostalgia, in ûndersyk nei de reksumheid fan nostalgy. Yn it ramt fan Tweespraak wurket er oan de koartfilm POP LUVS TUT (TEARS DON’T EXIST IN A COUNCIL HOUSE): in rige vignetten oer Poppy en Tutty, twa leafsten dy’t wachtsje, smoke en prate oer God, jong wêzen en de stilte dy’t alles liket op te slokken.

Caillyn Vos (Ljouwert, 1999) is in byldend keunstner út Fryslân dy’t wurket mei wollen skulptueren en ynstallaasjess, en dêryn minsken, de natuer en de ferhalen ferbûn dy’t ús byinoar hâlde. Foar Tweespraak dûkt se yn it ambacht fan seilen meitsjen as útgongspunt foar in ûndersyk nei ‘it meitsjen yn mienskip’, want sûnder in grutte gearwurkjende mienskip gjin seil, en sûnder seil gjin skipfeart. De lûden fan rollende wol, smeitend teer en krakende masten foarmje de basis foar de immersive ynstallaasjess dy’t se makket, tegearre mei freonen en frjemden.