Station Noord

Explore the North is ien fan de partners fan it noardlike talintûntwikkelingsnetwurk Station Noord, in netwurkorganisaasje foar de ûntwikkeling fan poadiumkeunsttalint yn Noard-Nederlân.

Santjin partnerorganisaasjes bûn de krêften en kwaliteiten byinoar om de mooglikheden foar begjinnende makers út Noard-Nederlân út te wreidzjen. Sa stypje en begeliede se dizze noardlike talinten, wêrtroch dy makers romte krije om harren fierder te ûntwikkeljen. Station Noord biedt talinten kânsen om harren artistike dreamen foarm te jaan.

Tiidens ús festival organisearje wy yn gearwurking mei Station Noord in hub dêr’t talint, professionals en publyk byinoar komme. Yn it festivalwykein fan Explore the North biede wy plak foar nij wurk fan Station Noord-makers, ferspraat oer it haadprogramma, it festivalhert De Stadskas en de expedysjes. Dy makers wurkje yn ferskate dissiplines, fan performatyf biografysk wurk oant multidissiplinêre dûnsfoarstelling en noch folle mear. Soms binne dat folweardige foarstellings, soms in artistyk ûndersyk (work-in-progress). Binnen Station Noord wurkje wy gear mei Michelle Samba.