Spijtproza

 Fiksje sûnder skrupules, ferteld troch âlderein.

Foarút sjen, plannen meitsje, dyn libben feroarje. Dochst dat as âlder ek, of sjochst dan foaral werom? En sa ja, wat sjochst dan? Tiidens Spijtproza fertelle âlderein hjir sels oer. Of better sein: sy fertelle jo ferhalen dy’t troch profesjonele auteurs betocht en skreaun binne, mar dan wol basearre op harren eigen libben. Fiksje sûnder skrupules, mei in kearn fan wierheid der yn. En ja, de âlden fan dagen beklimme sels it poadium. Want litte wy earlik wêze: pas as je wat meimakke hawwe, hawwe je echt wat te fertellen. De auteurs binne Harm Hendrik ten Napel, Sipke de Schiffart, Baukje Zijlstra en Dorien de Wit. Spijtproza is in produksje fan Explore the North en UP! Nederland.