Nynke Laverman - Plant

Sjonger, songwiter en teatermakker Nynke Laverman bringt har nije album Plant út as Slow Album Release, wêrfoar’t se sûnt novimber 2020 in nûmer útjout. Neist in album, is Plant ek in live-performance en in podcast-searje.

Nynke Laverman: “Ik freegje my ôf wêrom wy eins ûnderskied meitsje tusken ‘minsk’ en ‘natuer’. By de nomaden yn Mongolië seach ik hoe’t it oars kin en sûnt dy tiid giet myn wurk dêroer. Plant is in hoopfol protest dat giet oer it omgoaien fan ús manier fan tinken, oer feroaring yn dysels. Doarre wy bekende wegen te ferlitten, fertroude patroanen te trochbrekken, de stilte ta te litten? Doarre wy it efkes net te witten?” Mei Plant giet Nynke op syk nei it antwurd op de fraach: ‘Wa wolle wy wêze as minsk?’

Fan novimber 2020 dielt Nynke Laverman de nûmers fan Plant mei har harkers fia de slow album release. Alve nije songs en alve podcasts wêr’t se mei Lex Bohlmeijer yn petear giet mei gasten út de wittenskip en kultuer, ûnder oare natuerfilosoof Matthijs Schouten, komyk Jochem Myjer en tinker Roman Krznaric. Plant ‘groeit’ troch oant septimber 2021 en ûntpopt him dan fierder op vinyl en CD. Op 15 oktober giet de live-performance yn première yn DeLaMar yn Amsterdam.

De stadige albumrelease en de byhearrende podcasts fan Plant fynst op de website fan Nynke Laverman.

Explore the North is meiprodusint fan Plant.