Mees van Rijswijk waard oant no ta benammen omskreaun as ‘leaf,’ ‘rêstich’ en ‘entûsjast,’ in ‘freon fan elkenien,’ in ‘nice guy, mar dan écht nice.’ Op in dei neamde immen him sels ‘ûnskuldich.’ En dêr gie it mis, want sa fielt er him fansels hielendal net serieus nommen. Sûnttiid hat Mees ien grutte winsk: hy wol poerrazend wurde.
Mei dat doel giet er op aventoer. Hy slút himsels in dei op yn in rageroom, leart grunten, makket rûzje en giet nei it Malieveld yn ’e hope it alderbêste protestboerd ea te meitsjen. Underweis hopet er mei in hiele protte poerrazende minsken yn kontakt te kommen. Oan ’e iene kant om de keunst ôf te sjen, oan ’e oare kant om te ûntdekken oft der yn dy lilkens wat sit dat harren ferbynt. Miskien begjint wrâldfrede krekt yn in moshpit, of yn de moeting fan in knokkel en in kaak.
AAAARGH is in muzikale spoken-wordfoarstelling oer in skurende, mislearjende syktocht nei lilkens. Mei persoanlike teksten, lieten en anekdoates siket Mees de konfrontaasje op mei in emoasje dy’t er syn hiele libben besocht hat te mijen. AAAARGH is gjin hantlieding. Gjin terapy. Gjin feilige romte. It is net iens in wurd. It is in radikale poging om sêft te bliuwen, krekt troch keihurd ferset.
Credits
Concept, tekst, spul: Mees van Rijswijk
Muziek: Sander Koning
Regie: Sjaan Flikweert
Decor: Caya Emmelkamp
Kostuumûntwerp: ChaPauw
Productie: Annemarie Venema
Artistike en saaklike begelieding: Eva van Netten, Marleen Nagtegaal en Mark Hospers
Marketing: Merel Hoekstra & Mathé Többen
Mei tank oan | It Kultuerfûns & Gemeente Ljouwert