Tuut Tuut Kwantumschuim is een voorstelling over de ruimte. Of preciezer, een voorstelling over de ruimte waar de mens niet aanwezig is.
Tuut Tuut Kwantumschuim is in foarstelling oer de romte. Of krekt, in foarstelling oer de romte dêr’t de minsk net oanwêzich is. Oer sa’n 5 miljard jier is it wetterstof yn de kearn fan de sinne op en as gefolch dêrfan sil de sinne safier opswolle dat de ierde ferslûpe wurdt. As minske hawwe wy de kar om mei de ierde teloar te gean of om foar dat momint ús sinnesysteem te ferlitten. Wis is yn elk gefal dat de minsken harren oer 5 miljard jier net mear hjir befine. Dat ferlitten sinnesysteem is it begjinpunt fan dizze foarstelling.
Tuut Tuut Kwantumschuim besiket de ûnderfining fan de grutste en de lytste natuerkundige prosessen iepen te stellen foar dy as publyk. Wêr’t echte stjerrekundigen wiskunde brûke om dizze prosessen te beskriuwen, brûke Kruidkoek en Joost Oomen taal en muzyk. It resultaat is in foarstelling dy’t net útleit hoe ‘t it wurket, mar lit fiele hoe it is om by de grutte ferskowing fan it hielal oanwêzich te wêzen.
De poëtyske muzyktheaterfoarstelling Tuut Tuut Kwantumschuim is de twadde produksje dy’t Joost Oomen & Kruidkoek makken mei Explore the North. Nei de première wie de foarstelling lykas Vruchtjes Eten op ferskate plakken yn it lân te sjen. De foarstelling gie op sneon 12 maart 2022 yn première.