LORCA is in poëtysk eerbetooch fan Joost Oomen & De Poezieboys oan de Spaanske dichter Federico García Lorca, dy’t gruwlik oan syn ein kaam.
LORCA wie op Oerol 2023 de grutte hit. Ek op De Parade 2023 foel it publyk en masse foar dit stik, dêr te sjen yn in ferkoarte ferzje.
Oer de foarstelling
De Spaanske dichter Federico García Lorca stiet bekend om toanielstikken lykas Yerma en Bloedbruiloft. Foar in protte minder bekend is dat Lorca yn de lêste moannen fan syn libben wurke oan it surrealistyske toanielstik Het Publiek. Dit ‘geheime’ stik foarmde foar Joost Oomen en de Poezieboys it startpunt fan in poëtysk eerbetoan oan de fermoarde dichter.
Yn it djipste geheim, op in skip oeral tusken Kuba en Spanje, wurke de Spaanske dichter Federico García Lorca oan it surrealistyske stik Het Publiek. It wie bieldender en benammen frjemder as al syn oare wurk, mar hy skreau it omdat hy nei in reis fan moannen, fan hûs en haard ferjage troch skroeiend leafdesfertriet, no einlik weromkaam nei it lân fan syn grutte dreamprins: Salvador Dali. Om dizze dadaïst mei krulsnor witte te litten wa’t de baas wie, skreau Federico García Lorca it toanielstik fol fan hynders, in read naakt, manlju mei burden, in omkearde Kristus, in inspisjint, in tambouryn, in mem, in wynloof en in sniebui fan glacé hânskuonnen. Unmooglik koe hy witte dat hy dat stik binnen in pear jier by in freon moast ferstopje, om’t der in boargeroarloch losbruts.
Unmooglik koe hy witte dat nimmen wist hoe syn frjemde stik te spyljen nei’t de dichter troch fascisten deasketten wie. En ûnmooglik koe hy witte dat syn stik sânentachtich jier letter it startpunt wurde soe foar in wyld, poëtysk aventoer. In aventoer fan trije jonges, of fjouwer alst Federico sels ek meirekkenst, dy’t mei syn Het Publiek yn de hân it teaterlânskip ienris flink tsjin de skenen kaam skoppen.
Inluisteren
Meer weten over de Spaanse dichter? Start de voorpret alvast met de podcast De maan, de dood en de citroenen van de NTR.
Agenda
In de media
“LORCA is een sympathiek, aanstekelijk en liefdevol theaterfeestje”
Theaterkrant, Sander Janssens
“Ik vond het mooi, verwarrend en ontroerend”
Frits Spits in Opium op Oerol
“Eén van de meest geestige en gelaagde voorstellingen dit jaar”
Cornald Maas in Opium op Oerol
Credits
Konsept: Joost Oomen, Joep Hendrikx, Jos Nargy
Eindregy: Ellen Goemans
Spul: Joost Oomen, Joep Hendrikx, Jos Nargy
Vormjouwing: Pleun Verhees, Sjaan Hofstede
Ljochtûntwerp: Iain Hoeffnagel
Utfierrend produsint: Sanne Priem
Produktieleider: Thijs ten Berge
Produktie koördinatie: Thijs ten Berge
Technyk: Dario Giustarini
Marketing: Mathé Többen, Dieke van der Spek
Mooglik makke troch: Station Noord, We the North, Ministery fan OCW, Oerol, De Parade, Het Nationale Theater – Zaal 3, gemeente Leeuwarden, provinsje Fryslân en it Nederlands Letterenfonds.