Tegearre mei Meeuw Jonge Theatermakers liede wy talintfolle jonge auteurs (14-18 jier) út Fryslân op: de Jonge Skriuwers (Jonge Schrijvers).
Twa kear yn it jier start in lessearring dêr’t dizze skriuwers yn de dop troch saakkundige dosinten ferskate aspekten fan it skriuwerskip leare. De jongeren leare de earste algemiene feardichheden fan it skriuwersfak en meitsje kennis mei ferskate sjenres lykas toaniel, proaza en poëzij.
As besiker sjochst performances basearre op teksten fan de Jonge Skriuwers werom tidens ús festival yn novimber of bygelyks op Oerol op Skylge, dêr’t de produksje Het Grote Onbekende besikers al meardere kearen kennis liet meitsje mei de ferhalen efter de portrettearden.

Ynskriuwing lessen
De hjoeddeistige lessearring rint ôf op snein 25 maaie mei in einpresintaasje! Wolst dochs al mear ynformaasje? Sjoch dan hjir:
“It is echt ûnfoarstelber om as 17-jierrige mei in foarstelling op Oerol te stean: do wurdst echt serieus nommen. It fielst as in grutte eare.”
Jonge Skriuwer Hedzer Seffinga by Omrop Fryslân