Wolkom by playground! Yn septimber 2021 is in nij platfoarm foar jonge makers yn Noard-Nederlân fan start gien: Explore the Playground. Binnen dit platfoarm jouwe wy jonge makers de mooglikheid om mei stipe fan it Playground-team in jûnfoljend programma gear te stellen yn De Westerkerk yn Leeuwarden. De jonge makkers presintearje eigen wurk en noegje dêrby oare ynspirearjende makkers út de regio út. De earste edysje fûn plak op 24 septimber en wie folslein útferkocht. It programma fan dizze edysje wurdt gearstald troch Blondeau. Op freed 29 oktober is it tiid foar edysje II, mei as gearsteller Jort Switijnk fan Zuen Records.
Explore the Playground is ynisjearre troch de jonge Explore the North-programmeurs Céline Wierda en Maha Eljak. Mei Explore the Playground wolle sy mear playground (lês: spyllokaasje) kreëarje foar opkommende keunstners, dy’t (noch) net boppe oan it listje fan programmeurs steane. Jonge makkers út Noard-Nederlân meie komme ‘spyljen’ en harren sa fierder ûntwikkelje. Dêrom ek de namme; spyllokaasje (playground). Yn dizze spyllokaasje krije se de romte om te eksperimintearjen, te falen en te fokusen op it proses. En fansels om harren sels oan jo as publyk foar te stellen!
Jonge keunstners en wisseljende programma’s
Mei hieltiid in oare jonge keunstner is it programma altyd oars. En sit der foar dy as publyk altyd wol wat tusken. Lit je dus benammen ferrasse en meitsje kunde mei ferskillende en ûnferwachte kultuervormen en gearwurkings.
Twadde edysje Explore the Playground mei Jort Switijnk (Zuen Records)
De twadde edysje fan Explore the Playground fynt plak op freed 29 oktober, 20.30 oere yn De Westerkerk. Foar dizze edysje is de jonge Fryske makker Jort Switijnk útnûge om de jûn gear te stellen mei jong talint. Dit docht er tegearre mei syn kollekti(f) Zuen Records, dat ek in opnamestudio hat en ferskate produksjes útbringt.
Programma
Tiidens Explore the Playground meitsje jo kennis mei de trije oprjochters, producers en makers fan Zuen Records. It wurdt in jûn dêr’t ferskillende genres, keunstfoarmen en dissiplines elkoar fine. Ferwachtsje in programma fol stylen en mingings, fan etheryske Indie, boombap hiphop oant house en alles dêr tuskenyn. Tiidens de jûn sil der in keunstwurk makke wurde en alle muzyk fan de jûn wurdt nei de Playground tegearre mei it keunstwurk útbrocht ta in album. In jûn fol kreativiteit en ynspiraasje, fol fisuele en auditieve ferrassingen!
Explore the Playground II, mei Soulitude, Steeby, Renceau, Moto en Vulgari$