Drie Dagen Fris - In den beginne was er veel vraag

In literêre punkjûn oer bloedwoarst, poppen en beton

Wat bart der as in sêft-aktivist, in sympatike ferteller en in diva tegearre op syk geane nei de oarsprong fan ’e wrâld? Yn dizze literêre punkjûn geane Johannes Lievens, Mees van Rijswijk en Marieke Ornelis werom nei it begjin. Se besjogge fideo’s oer de produksje fan bloedwoarst, ûntlede it earste testamint en bestudearje in stikje fan ’e sinne. Yn in miks fan ferhalen, lietsjes en poëzij stelle se de fraach: wêr gie it mis? In ymprovisearre keuringsdienst fan wearde, foarby de produksjeprosessen fan fiedingswaren en oare konsumintprodukten. In syktocht nei antwurden yn komplotteoryen, myten en roddels. Yn it begjin wie der in soad fraach is in bûnte poging om hjoeddeiske machtsstrukturen te befreegjen troch yn te zoomen op de details.

DRIE DAGEN FRIS is it literêre kollektyf fan Johannes Lievens, Marieke Ornelis en Mees van Rijswijk: trije jonge makkers dy’t inoar fine yn it boartsjen mei ferskillende foarmen op it poadium. Se leauwe dat der moaie dingen barre as wegen dy’t mylen útinoar lykje te lizzen, ynienen dochs inoar kruse. Sa kin it poadium in moetingsplak wurde foar in drag queen en in twivelder, in knyn en it nasjonalisme, of in lilke talkshowhost en in tûkje tym. It wurk fan DRIE DAGEN FRIS is in oanklacht tsjin it kompromis, in poëtysk manifest om wille te meitsjen wylst alles omfalt.

Credits:
Fan en troch: Johannes Lievens, Marieke Ornelis en Mees van Rijswijk
Scenografy: Musia Mwankumi
Produksje: DRIE DAGEN FRIS
Ko-produksje: Explore the North
Yn gearwurking mei: OPROER, Grand Theatre, CC Brugge, VONK & Zonen, MartHa!tentatief, De Blikfabriek, It Nasjonaal Teater en MIMIK
Mei tank oan: Oerol, STORMRAM, De Vriendenloterij