De Schrijfclub is in klub. Foar skriuwers. Wy meitsje, wy prate, wy lêze foar, en fansels skriuwe wy. Op de typmasines yn it kafee fan Podium Explore, of gewoan op ús eigen laptops of yn ús eigen skriften. Wy jouwe inoar tips. Wy eksperimintearje. Wy meitsje in zine. Wy diele de wille en de muoite fan it skriuwen. Writers block? Ja, shit, it bart elkenien fan ús. Mar it is noflik om der oer prate te kinnen. Wy hawwe it oer etyk, wurden dy’t wol of net kinne, oer styl, oer hoe’t je by in útjouwer útkomme. Hoe dan! Sokke dingen.
Fan tiid ta tiid lêze wy foar út ús eigen wurk. Wolst ús hearre? Of mear witte? Sjoch dan even yn de aginda fan Podium Explore wannear’t wy wer optreden.