Ahilan Ratnamohan/ROBIN & Explore the North - Pidgin X

Heimwee nei in taal

Kinst heimwee hawwe nei in taal? Dat is de grutte fraach achter it projekt Pidgin X, dêr’t toanielmakker Ahilan Ratnamohan mei in soad bewenners fan Ljouwert, Grins en Zwolle op syk gie nei wurden, sizzen en grammatika dy’t minsken misse as se in oare taal as har memmetaal prate. Foar Pidgin X feriene sy harren as Oprichters fan in nije Pidgin-taal yn de stêd wêr’t se wenje, in taal basearre op alle ferskillende memmetalen dy’t dêr sprutsen wurde. Yn de ôfrûne twa jier binne der sa Pidgins ûntstien yn de stêden Ljouwert, Grins en Zwolle.

Tiidens Explore the North Festival 2022 komme de Oprjochters fan de trije Pidgintaal-groepen by inoar om it festival feestlik te iepenjen. Dit wurdt in fleurige fiering fan ferskillen en oerienkomsten, wêr’t taal gjin obstakel mar in grutte krêft is. En ek jo kinne yn in mum fan tiid sels leare om Pidgin te praten, want lykas wy sizze: Yn Pidgin binne der gjin flaters.

Pidgin X is in projekt fan de keunstner Ahilan Ratnamohan (ûnderdiel fan it Brûsselse kollektiv ROBIN) en Explore the North, Ljouwert UNESCO Stêd fan Literatuer en Afûk, yn gearwurking mei De Nije Oost | Wintertuin, Noorderzon Festival of Performing Arts & Society. Dit projekt is stipe út de Proeftuin Meertaligheid fan We the North. Mei tank oan De Brakke Grond.