Partners
Wy betinke de measte projekten fansels net allinne, mar mei freonlike organisaasjes fan tichtby en fier fuort. Fan deBuren út Brussel oant Popfabryk en Oerol Terschelling.
Wy betinke de measte projekten fansels net allinne, mar mei freonlike organisaasjes fan tichtby en fier fuort. Fan deBuren út Brussel oant Popfabryk en Oerol Terschelling.
Tegearre mei Leeuwarden City of Literature organisearje wy Hoge Woorden (it poadium foar spoken word yn Fryslân), in masterclass foardrage foar skriuwers en noch folle mear.
Fanút Station Noord begeliede wy keunstners yn harren ûntwikkeling. Ek jouwe wy op ús festival plak foar allerhanne keunstners út dit trainepoadium.
Jonge Skriuwers, it lestraject foar de jongste skriuwers, is in gearwurking mei Meeuw jonge teätermakkers. Derneist presintearje wy elk jier foaroanstellings. Sa seagen besikers op ús festival ûnder oare Alles is een scheermes en Toen Rijst nog jong was.
Op Oerol presintearje wy sûnt in pear jier ferskate produksjes, sawol yn it haadprogramma as yn ús eigen Hub yn it West-End Teäter.
De gearwurking mei Popfabryk giet werom nei it begjin fan Explore the North as festival. Elk jier presintearje wy ferskate projekten, sawol op ús festival as troch it hiele jier hinne. Tink oan IT DEEL en projekten fan Meindert Talma (De Domela Passie).
Mei ús freonen út Brussel sette wy ferskate projekten op om brêgen te slaan tusken Flaamske en Fryske makkers, ûnder oaren it projekt De Verwonderkamer. Ek hawwe wy earder Leegstandsproza, BCC (in artistike blind date) en Citybooks makke.
Mei Wintertuin hawwe wy ûnder oare de produksje Dictieland makke. Wintertuin is ek in werkommende gast binnen ús festivalprogramma.
Dit jier hawwe wy ûnder oare it ynternasjonale poadiumkunstenfestival PAFFF presintearre, tegearre mei De Harmonie en Arcadia.
Yn 2025 hawwe we tegearre mei De Harmonie it SHIFT-programma makke. Tegearre hawwe we foarstellingen kuratearre. Ongestreken poadiumkeunst: rau, earlik, aktueel en ûntregeljend.
Al sûnt 2018 presintearje wy ûnder oare ynternasjonale foaroanstellings yn gearwurking mei Leeuwarden-Fryslân 2028 (earder 2018).
Tegearre mei Keamer 3 fan it Nationale Teäter yn Den Haach hawwe wy bygelyks in residenty foar de foaroanstelling LORCA opset. Letter dit jier giet deselde foaroanstelling dêr yn premjêre. De Poezieboys binne dêr fêste gasten.
Mei Tryater sette wy op it stuit ûnder oare in masterclass foardrage foar skriuwers op.
By VLAM21 binne ferskate literêre organisaasjes oansletten, ferspraat troch hiel Nederlân. Fan ynternasjonale literatuerfestivals oant edukatie, fan produksjehuzen oant poadia of alles ûnder ien dak.
Wy binne partner foar de makkers Tim Helderman en Thom Boonstra, dy’t binnen it ûntwikkelingstrajekt Tweespraak fan KultuerKollektyf wurkje oan interdisciplinêr wurk.
In ynformele gearwurking fan hast 70 lânlike festivals. Explore the North leveret hjirmei in bydrage oan de wurking fan festivals en de krêft fan poadiumkunsten.