Explore the North ûntstie yn 2011 as in lyts festival mei in fokus op muzyk en literatuer. De haadrol wie weilein foar de prachtige binnenstêd fan Ljouwert. It festival fûn dêrnei plak yn 2013 en 2014, doe noch ûnder de flagge fan produksjehûs de Popfabryk. Doe’t dúdlik waard dat Ljouwert-Fryslân yn 2018 Kulturele Haadstêd fan Europa wurde soe, is yn 2016 in nije start makke en waard Explore the North in selsstannige stifting. De koers feroare: der kaam mear fokus op de eigen omjouwing. Ut it grutte meartaligensprojekt Lân fan taal, dat yn it ramt fan Ljouwert Kulturele Haadstêd ta stân kaam, ûntwikkelen wy in jier-rûnom programma mei benammen it meitsjen fan nij wurk as liedend prinsipe. Dat wie it begjin fan ús ynterdissiplinêre produksjehûs, mei in fokus op literatuer en meartaligens.

Ynmiddels hawwe wy ús produksjehûs fierder ûntwikkele, mei projekten dy’t troch it hiele lân reizgje. Yn 2024 binne wy in produksjehûs, festival én poadium. Sûnt april 2024 hawwe wy nammentlik offisjeel de eardere Westerkerk oernommen en omdoopt ta ús eigen hûs: Poadium Explore. Yn Poadium Explore fynst it hiele jier troch programma’s op ferskate plakken yn it prachtige gebou. Dêrneist fynt der ek fan alles plak lykas lessen, workshops en residinsjes, en is ús kafee alle freeds foar dy iepen.

Binnen ús produksjehûs sette wy mei ferskate makkers it hiele jier troch ynterdissiplinêre projekten op ’e nij del, dy’t troch it hiele lân op ferskate lokaasjes te sjen binne – altyd mei literatuer, meartaligens en taal as reade tried. Dêrneist biede wy talintûntwikkelingstrajekten op maat foar makkers yn ferskillende fazen fan harren karriêre.

Novimber is ús festivalmoanne, mei in fergees tagonklik festivalhert, in keunstfestival foar jonge, noardlike makkers (De Broeikas) én in trijedeis festival mei in programma dêr’t ynternasjonale pioniers njonken de jongste lokale wurdkunstners op it poadium steane.

“(…) De lytse, dappere ploech minsken efter Explore the North. Ek sy begripe de wearde fan kultuer, hawwe in goed (ynternasjonaal) netwurk en doarre risiko te nimmen yn harren programma ynstee fan feilige, bekende paden te folgjen. Dat perspektyf sille wy de kommende jierren hurd nedich hawwe.”

Leeuwarder Courant 2024

ANBI en verantwoording