Arnold de Boer / ZEA

ZEA / Arnold de Boer

Ahat in rike karriêre as muzikant en sjonger. De ôfrûne tweintich jier hat hy optreden yn mear as fjirtich lannen op seis kontininten, en wat opfalt is dat hy hast oeral yn it Frysk sjongt. Fanwegen syn artistike, taalkundige en kulturele aktivisme rjochte hy in platenlabel op om it Frysk te fersprieden, mar ek om muzyk en talen fan oer de hiele wrâld te befoarderjen. Arnold de Boer heart net ta de geast dy’t taalminderheden underskiedt fan minderheden yn it algemien en is hy net ynteressearre yn it mainstream-panorama, mar beweecht him binnen in ynternasjonaal netwurk fan gearwurkingen, útwikselingen, ferlikingen, kennis en bewustwêzen.

Hy is in muzikant, in dichter, in reizger, dy’t himsels fergeliket mei oare kultueren yn in proses fan osmose, net fier fan de troubadour en syn etyske, boargerlike en politike tema’s. Hy wurdt priizge foar syn meartaligens en syn fermogen om mei ferskate generaasjes en kulturele en sosjale mienskippen te kommunisearjen.

Op Explore the North Festival 2023 spile hy tegearre mei de Skotske muzikante en sjongster Quinie, as ôfrûning fan in residinsje dy’t wy mei Popfabryk produsearren.

Projecten