Tim Helderman

Website

Tim Helderman is akteur en is yn 2019 ôfstudearre oan de akteursoplieding fan de Toneelacademie yn Maastricht. Hoewol Tim soms efkes priuwt fan it spyljen yn tv- en filmproduksjes en hy ek aktyf is as voice-over, leit syn hert by it toaniel. As akteur ferkent er graach op subtile wize de line tusken it teatrale en de werklikheid. Dat docht er it leafst mei taal, en stiekem ek mei in goeie plaksnor. Foar Tweespraak nimt Tim de pinne ter hân om syn eigen materiaal te kreëarjen.

Projecten