Preston Losack (berne yn 1991, Dallas) hat earder yn in kleaster wenne, en dat hat ynfloed hân op de wize wêrop’t hy no syn libben libbet en skriuwt bûten it kleaster. Hy fynt it sublym yn gewoane dingen en hat in grutte driuw om minsken yn syn mienskip te ynspirearjen om de minsklikheid leaf te hawwen en echte ferbining djip te wurdearjen. Poëzy skriuwe is faak in passend ynstrumint om dat te dwaan. Hy is watsto miskien in ‘klassike dichter’ neame kinst, dy’t op in bepaalde wize it literêre kanon heech hâldt, mar hy set him yn syn wurk ek yn om dat kanon tagonkliker en ynklusiver te meitsjen. Dêrom is er úteinset mei Preston’s Poetry Podcast, dy’t it lêzen en skriuwen fan poëzy mear tagonklik makket.
Preston hat ek in passy om oare snobistyske dingen minder snobistysk, tagonklik en leuker te meitsjen — fan typmasines oant klassike muzyk, fan it neamen fan ferstoarne filosofen oant it (feilich) stekken fan syn freonen op de flechtpiste.Losack makke syn ferrassende debút troch yn maart 2021 by in dichtersgearkomste in protestgedicht op in servet foar te dragen. Dêrnei publisearre er syn sonnet “To Dry Feet” yn LETTER (UNESCO LCoL). Nei twa Dichter fan Diktielân-residinsjes yn 2023, organisearre troch Wintertuin en Explore the North, brocht er syn kultuerferbinend wurk fierder nei poadia yn hiel Nederlân. Dy residinsjes joegen ynspiraasje foar de meartalige, multymediale foarstelling 500 jier op ‘e seeboaiem, tegearre mei multytalinten Merlijn Huntjens en Heleen van Maldegem.Syn poëzy is ferskynd yn ferskate kranten en tydskriften, lykas De Moanne en Leeuwarder Courant. Hy hat ek oersettings publisearre fan skriuwers lykas Stef Bos, Sytse Jansma, Laura Gilpin, Arjan Hut, en Marrit Jellema.Op it stuit skriuwt hy in boeklang Epysk gedicht oer dichter wurden, oer in ‘Global Texaan’ wêze, en oer it oerlibjen fan swierte, iensumens en misbrûk.