Kruidkoek

Website

Kruidkoek is in út ‘e hân rûne jongesdream. Fjouwer freonen fûnen har muzikale útlitklep yn in band dêr’t se sûnder kompromis en mei sichtber genot har grinzen mei ferkenne en ferset útdaagje. Dûnsfideo’s, jazzklubs, selsmakke ljochtbakken, popfestivals, dichters, bernefoarstellingen, rûzjend yn ‘e studio en laitsjend yn de toerbus: it liket wol in 90’s MTV reality-roadshow.
Sûnt 2014 bouwe de jonges stadichoan oan har muzyk; se brochten 3 EP’s en 3 albums út en belibben ûnderweis tal fan aventoeren. Harren miks fan jazz, rock, Tarantino-films en eigen bizarre betinksels waard doopt ta GarageJazz.

In grutte dream kaam ein 2023 út: in rige Kruidkoek-klassikers waard bewurke en útfierd mei it 12-koppige Spicecake Chunky. De EP Spicecake Chunky LIVE ferskynt yn it neijier fan 2024.

Mei skriuwer en dichter Joost Oomen makke Kruidkoek ûnder Explore The North de foarstellingen Vruchtjes Eten (2019), Tuut Tuut Kwantumschuim (2022) en Liefde in tijden van Hopjesvla (2025).

Projecten