Yn novimber wie it Explore the North-festivalmoanne! Wy sette útein op 1 novimber mei keunstfestival De Broeikas, fan en foar jonge lokale makkers. Tuskentroch, fan 5 oant en mei 23 novimber, feroare Podium Explore yn it Stedshert: hjir fûn men mear as ien wykein lang fergees programma en in pop-up restaurant.
As spetterjende ôfsluter fan de moanne fûn it festivalwykein plak op prachtige lokaasjes yn de binnenstêd fan Ljouwert. Yn dat festivalwykein dielden jonge makkers en ynternasjonale pioniers it poadium mei-inoar. In wykein fol ferhalen yn alle foarmen.


