De Broeikas is it keunstfestival fan en foar jonge pleatslike makkers. Fan septimber ôf meitsje wy it earste programma bekend!
Wat broeit der ûnder de nije laach keunstners, muzikanten, toanielmakkers, skriuwers en spoken word-artysten? Do ûntdekst it op sneon 31 oktober 2026 by De Broeikas, dêr’t wy broeie, siedzje, ûntkymje en rispje. Benijd nei eardere edysjes? Besjoch de aftermovie fan 2025 hjirûnder.
Aftermovie 2025
De Broeikas is in projekt fan Explore the North. Mei tank oan Tweespraak (Tryater, Keunstwurk, New Noardic Wave, VHDG en De Popfabryk), Het ministerie van Onderwijs, Cultuur en Wetenschap, Gemeente Leeuwarden en Provincie Fryslân.