Woorden op Woensdag

Podium Explore
Podium Explore
Tagong Fergees

Eltse earste woansdei fan ’e moanne is it kafee fan Podium Explore de húskeamer fan elkenien dy’t him- of harsels dichter neamt of neame wol (en al harren freonen).

De simmerse puzzelboekjes fol sânkorrels kinne wer ynruile wurde foar notysjeboekjes fol farske, ûnbeskreaune siden. De potloden slypje, de bierfetten wer oanslute. Begjin de hjerst goed mei wat dwarreljende wurden, yn ’e foarm fan gedichten en oare soarten foardrachten. In jûn om te harkjen, te skriuwen, te drinken en miskien sels wat fan dyn eigen side ôf falle te litten.

Lykas elke edysje hawwe wy wer in hearlike samling dichters en taalkunstners útnûge. En wat foar ien! Jos Laurin Nargy fan de Poezieboys, hielendal út De Haach, allround goudfisk Femke Zwiep, hielendal út Arnhim, en dé stedsdichter fan Grins, Jaimy Hindriks, sille jim earen folstopje mei wurden. En al it lûd sûnder wurden wurdt fersoarge troch Sander Koning, dy’t sûnder mis in gouden kombinaasje foarmet mei elke wurdkeunstner. En fansels mei elkenien dy’t dat wol wer it wurdpoadium beklimme tidens de open mic!

Lûk in waarme trui oan, nim dyn favorite wurd mei en skow oan. De dichterlike ferwaarming stiet oan.

Woorden op Woensdag
7 oktober 2026
20.00 – 22.30 oere
Podium Explore
Tagong fergees