Suf & Duf - FLOCK

Podium Explore Fergees

Suf & Duf – FLOCK

Op freed 27 febrewaris kinst ús buorlju fan boppen sjen yn har elemint. Kom gesellich yn it kafee sitten en genietsje fan de Suf & Duf radioshow FLOCK! Stap op de flier dêr’t gjinien dy beoardielet en lit dysels gean. Of sto no al 10 jier ballerinaast of twa lofterfuotten hast, it makket neat út. De dûnspolitsy bliuwt bûten, de good vibes bliuwe binnen!

Suf & Duf – FLOCK
Freed 27 febrewaris
20:30 – 23:00 
Frije tagong

Diner yn it kafee
Dizze freed kinst ek terjochte foar diner yn ús kafee fanôf 18:00. Dizze kear hawwe wy gjin 3-gongenmenu, mar hawwe wy in deiske: vegetaryske Surinaamske bami foar €12,-! Mochtest fan tefoaren dine wolle yn ús vegetarysk kafee, dan kinst reservearje troch in e-mail te stjoeren nei horeca@explore-the-north.nl, of rinst gewoan efkes binnen.