In people-pleasende sêft-aktivist beslút himsels te konfrontearjen mei de emoasje dêr’t er it meast bang foar is: hy wol foar it earst écht lilk wurde.
Mees van Rijswijk wurdt faak omskreaun as ‘leaf,’ ‘rêstich’ en ‘entûsjast’, in ‘freon fan elkenien,’ in ‘nice guy, mar dan écht aardich.’ Ien neamde him sels ris ‘ûngefaarlik.’ En dêr gie it mis. Want sa wurdt er fansels hielendal net serieus naam. Sûnt dy tiid hat Mees mar ien winsk: hy wol poerlilk wurde.
In sêft-aktivist beslút syn eigen lilkens net langer te ûntkennen. Hy freget lilke minsken om tips: oan de iene kant om de keunst ôf te sjen, oan de oare kant om út te finen oft der yn harren lilkens ek wat sit dat harren ferbynt. Miskien begjint wrâldfrede wol yn in moshpit, of yn de moeting tusken in knokkel en in kaak. AAAARGH is in muzikale spoken word-foarstelling oer in skurende syktocht nei lilkens. It is gjin hantlieding, gjin terapy, gjin feilige romte. It is net iens in wurd. AAAARGH is in radikale poging om sêft te bliuwen, krekt troch fûl ferset.
Tidens it Oerol Festival is in earste try-outferzje fan AAAARGH te sjen, wêrnei’t Mees de hiele simmer mei de foarstelling op Theaterfestival de Parade spylje sil.
Oer Mees
Mees van Rijswijk (1999) is in poadiumdichter, teätermakker en (eardere?) sêft-aktivist út Ljouwert. Hy nimt it minske-wêzen mei in kerltsje sâlt en beskriuwt dingen it leafst krekt sa’t se binne, yn sa min mooglik wurdlidden. Mees wûn ferskate prizen foar syn spoken word-stikken, reizget it hiele lân troch foar optredens en lost ûnderweis graach sudoku’s op.
Dizze show is ûnderdiel fan de Explore the North-Hub. Tidens it Oerol Festival presintearret Explore the North binnen dizze Hub, ferspraat oer it eilân, wurk fan talinten dy’t ferbûn binne oan har produksjehûs. Explore the North is in produksjehûs en festival mei Podium Explore yn Ljouwert as thúsbasis.