Op sneonttemiddei organisearje wy Folkscafé Wrâldmuzyk, in poadium foar lokale artiesten en muzikanten mei roots út de hiele wrâld. Ek in pear bekenden út eardere edysjes fan Folkskeuken sille opnij optreden. Sy diele har muzyk en de ferhalen dy’t dêrby hearre. Nei de optredens wurdt it publyk útnûge aktyf diel te nimmen: mei te sjongen, te dûnsjen of muzyk te meitsjen yn in iepen en ûngedwongen jamsesje/workshop.
Folkscafé is tagonklik foar elkenien. Foar de workshop binne der 15 drums beskikber, dizze begjint om 15.30 oere.
De artiesten

EKAHUIL Ekahuil is in Meksikaanske sellist dy’t fanút Nederlân in muzikale reis makket troch de folkmuzyk fan syn thúslân. Hy jout tradisjonele Meksikaanske klanken, fan pre-Hispaanske ritmes oant populêre lietsjes, in frisse, eigentiidske draai op de sello.

Maryam Movaffaghi Maryam is in Iraanske muzikante út Ljouwert dy’t de Santour bespylet: in ieuweâld Perzysk ynstrumint mei 72 snaren. Jûn lit se it ynstrumint yn syn puerste foarm klinke: akoestysk, yntym en rjocht út it hert.

Arman Ameri Mahani Arman groeide op yn Iran, ferdjipte him yn de muzyk fan Yndia en studearre úteinlik ôf yn Nederlân. Op de Rubab, in tradisjoneel snaarynstrumint út Iran, Afganistan en Tadzjikistan bringt hy in meditearjende mix fan Yndiaske en Perzyske muzyk.

Vythess Vythess komt út it Bulgaarske Rhodope-geberte en wennet no yn Nederlân. Se kombinearret pop en R&B mei Bulgaarske folklore en singt oer emoasjes en ynderlike wrâld. Ferwachtsje eigen lietsjes én tradisjonele folksliedjes.

Basile Maneka Basile is in muzikant en slagwurker út Kinshasa, oplaat oan it Nasjonaal Konservatorium fan Kongo en no wenjend yn Ljouwert. Hy bringt Kongoleeske ritmes en afrobeat mei: rau, enerzjyk en oansteklik.
Folkscafé Wrâldmuzyk
Snein 3 maaie
13:30 – 17:30 oere (doarren iepenje om 13:00 oere)
Frije tagong
Folkscafé meet-ups en Folkskeuken wurde makke troch Explore the North yn gearwurking mei Sedrana. It projekt wurdt stipe troch Cultuurfonds en Over de drempel fan Arcadia.