Dizze simmer strykt it literêr kollektyf Drie Dagen Fris foar de tredde kear del op it Oerol Festival, mei in splinternij literêr popkonsert.
Hoe wurdt in popliet berne? Moat dêr earst in eksploazje oan foarôfgean? Untstiet der in fonk yn in wolk fan stof? Drie Dagen Fris nimt dy mei yn harren literêre poplaboratoarium. Wy litte in tekst stollen wurde, besykje bûtenierdske beats op te fangen en boarje nei betsjutting. Mees, Marieke en Johannes skriuwe en sjonge oer konsumpsje, wurk, deade skriuwsters, leafdesfertriet en honger (yn de backstage). Drie Dagen Fris is literêr ûndersyk dêr’tst op dûnsje kinst, en datst — tasein — op de boat nei hûs noch altyd meisjongst.
Mees, Marieke en Johannes meitsje fan harren tredde kear Oerol in absolút feest. Se kinne net wachtsje om dy te oerspyljen mei nije lieten en driuwende teksten. Wolst in dei meirinne yn in spoekfabryk, in midsieusk pornoferhaal hearre of de sjarme fan in tradwife ûntdekke, kom dan sjen.
Oer Drie Dagen Fris
Drie Dagen Fris is it literêre kollektyf fan Mees van Rijswijk, Marieke Ornelis en Johannes Lievens. Bewapene mei harren pennen en in drumcomputer feroverje se dyn hert, dyn taal en dyn ferbylding. Fan oktober ôf geane se op toernee mei harren nije show PROTECT ME FROM WHAT I WANT yn teäters troch hiel Nederlân.
Dizze show is ûnderdiel fan de Explore the North-Hub. Tidens it Oerol Festival presintearret Explore the North binnen dizze Hub, ferspraat oer it eilân, wurk fan talinten dy’t ferbûn binne oan har produksjehûs. Explore the North is in produksjehûs en festival mei Podium Explore yn Ljouwert as thúsbasis.
Credits
Fan en troch: Johannes Lievens, Marieke Ornelis en Mees van Rijswijk | Senografy: Musia Mwankumi | Produksje: DRIE DAGEN FRIS | Ko-produksje: Explore the North en Grand Theatre | Yn gearwurking mei Oerol Festival, MartHa!tentatief, De Blikfabriek en MIMIK | Mei tank oan Oerol Festival en STORMRAM
Dizze foarstelling is ûnderdiel fan it trajekt OPROER. Oproer is in gearwurking fan ferskate produksjehuzen yn Nederlân: Likeminds, Podium Bloos, Werkplaats Walhalla, Karavaan, VIA ZUID, Theater de Generator, De Nieuwe Oost, Grand Theatre en Explore the North. Oproer set him yn foar mear kânsen foar begjinnende makkers, op syk nei spylplakken en publyk. Oproer wurdt mooglik makke troch it VriendenLoterij Fonds, mei tank oan in ekstra skinking fan de VriendenLoterij.