De Schrijfclub Showcase

Podium Explore Gratis

Benijd wat der bart as skriuwers út harren skrift krûpe en it poadium opstapje?

Kom op 1 maaie nei De Schrijfclub Showcase. Ús skriuwers litte nij wurk hearre: skerp, grappich, oantrúnend, absurd en alles dertussenyn. Fan poëzij oant ferhalen, fan rake observaasjes oant wurden dêr’tst net wisten datst se nedich hiest. De tagong is hielendal fergees, dus skoot oan, harkje mei en lit dysels ferrasse.

En as dat noch net genôch is: der is ek in iepen mikrofoan. Altyd al fiele wollen hoe’t it is om sels op in poadium te stean? Dit is dyn kâns. Pak de mikrofoan, lês wat foar of probearje gewoan ris út hoe’t it fielt. Sa makkest daliks kennis mei de Skriuwklub, de minsken derachter en de sfear fan tegearre skriuwen, diele en útprobearjen. Wa wit sitst dêrnei net mear yn it publyk, mar slútst dy gewoan by ús oan.

De Schrijfclub Showcase
Freed 1 maaie
20.30 oere (ynrin fan 20.00 oere ôf)
Fergese tagong