Dit binne de earste tsien nammen foar De Broeikas 2025!
7 Oct 2025

Op sneon 1 novimber 2025 fynt in nije edysje fan De Broeikas plak yn Podium Explore. De Broeikas is it keunstefestival fan en foar jonge lokale makkers en de iepening fan de festivalmoanne novimber fan Explore the North.

Wat broeit der ûnder de nije lichting keunstners, muzikanten, teätermakkers, skriuwers en spoken word-artysten? Do ûntdekst it by De Broeikas, dêr’t wy broeie, saaie, ûntkieme en oogsje.

De earste tsien nammen binne al bekend: Fantasiafilm, Een Gemeen Schaap, Louis Pedro, Ambu Bambu, Djoeke, Lucas Boerwinkel, Odalsvegen, Byinoar, (…) Centraal en LYS TYGRÉ.

De Broeikas fynt plak fan 14:00 oant 00:00 oere yn Podium Explore (Bagijnestraat 59, Ljouwert). De doarren geane iepen om 13.30 oere.