Folkskeuken x Folkscafé 

Folkskeuken

De Folkskeuken is mei-inoar iten oan lange tafels, tsjinoer âlde en nije freonen. By elke edysje makket in gasthear, mei help fan ús eigen kok, it meast leafste gerjocht út syn eigen kultuer klear. Gerjochten dy’t ús tinke litte oan wêr’t wy wei komme, binne nammers in universele skat út it ferline en in herkenber útspringpunt foar in goed petear. Miskien is it iten net foar elkenien bekend, mar hast elkenien kin de gefoelens dy’t by in gerjocht hearre wol. It jout dy in thúsgefoel: de appeltaart fan oma, de pasta dy’t dyn heit perfekt makke, it geheime humusrezept fan dyn oudtante.

Folkscafé meet-ups

By de Folkscafé meet-ups steane ontmoeting en ferbining sintraal. Ontmoeting en ferbining mei minsken út dyn eigen kultuer, wêrtrochst dy fier fan hûs dochs thús fielt. Mar ek ontmoeting en ferbining mei minsken út oare kultueren, elkenien mei in unyk ferhaal dat dyn blik op de wrâld ferbreedzje kin. By elke meet-up stean tema’s sintraal. Tink oan spultsjes, kreativiteit, gedichten of muzyk. Mar ek ferhalen út it ferline en it hjoed, dêr’t minsken harren (persoanlike) ferhaal diele kinne, wêr’t wy yn petear gean en sykje nei wat ús ferbynt. It is in plak dêr’st op in leechdrompelige en ûngedwonge wize kontakten lizze kinst, dêr’st nijsgjirrich wêze mei en miskien wol nije freonskippen slútst.