Taal: Ingelsk en Farsi
In yntym en driuwend ritueel fan lûd, beweging en oantinken, woartele yn in kollektyf, langstme nei frijheid
Beyond the Triangle is in multidissiplinêre performance op it snijflak fan muzyk, dûns, poëzij en byldzjende keunst. In ritueel fan ûnthâlden en in spegel foar it publyk, rjochte op it persoanlike en dielde langstme nei frijheid. Ynspirearre troch de “Woman, Life, Freedom”-beweging yn Iran.
De kearn wurdt foarme troch de opnommen stimmen fan froulike Iraanske dichters fan ferskillende generaasjes. Hja klinke troch yn in laach-op-laach komposysje fan sang, perkusje, cello, elektroanyske tekstueren, fjildopnamen en choreografy. Poëzij wurdt lûd. Lûd wurdt beweging. Beweging wurdt oantinken. It poadium feroaret yn in libbend doek dat de emosjonele swierte en driuw fan harren wurden asemt. Fjoer, hier, stiennen en woartels trochkrúse de romte as stille tsjûgen fan oanwêzigens en ferset.
Beyond the Triangle fertelt gjin lineêr ferhaal, mar ûntbleatet mominten. Hoe kin skientme ûntstean út wreedheid? En hoe makket kreativiteit romte foar ferset? Beyond the Triangle is gjin antwurd, mar in krêft – in beweging dy’t isolaasje omset yn ferbining.
Dizze sneak preview-foarstelling wie te sjen op Explore the North Festival 2024 en Festival Jonge Harten yn Grins. Op Oerol 2025 sil in ferfolch fan dizze foarstelling yn ’e maak te sjen wêze.
Credits
Konsept, Muzyk, Útfiering: Sanam Tahmasebi
Choreografy & Dûns: Roshanak Morrowatian
Einregy: Nilay Ceber
Outside Eye: Suzy Blok
Senografy & Kostúmontwerp: Freja Roelofs
Produksje: Explore the North
Mei stipe fan: Fonds Podiumkunsten
Foto’s festival: Marc Henri Queré (ETN24) | Persfoto: Afagh Morrowatian