Fjouwer jonge skriuwers skriuwe foar fjouwer Ljouwerter middenstanners. Gerjon Gijsbers, Marleen Nagtegaal, Willem Claassen en Joost Oomen hawwe spesjaal foar dizze foardracht koarte ferhalen skreaun, dy’t op Explore the North 2014 foardroegen binne troch fjouwer ûndernimmers út de Fryske haadstêd. Bygelyks kinne jo harkje nei de herinnering fan in slachterssoan, foardroegen troch in echte slachter dy’t op de trochdewykse dagen syn ferhalen ophinget oan fleisheaken. Dit middenstânsproza ferankert fiksje yn de Fryske grûn. Talintfolle jonge skriuwers en ûnderfinende ûndernimmers dy’t nei it slúten fan harren winkel op ‘e sneontejûn it poadium opstapten – in aparte, mar spannende artistike kombinaasje.