Ziekenhuisproza is it ferfolg op Middenstandsproza. Dizze kear stiet it MCL sintraal – it sikehûs yn Ljouwert. Fjouwer jonge skriuwers giene yn petear mei fjouwer meiwurkers fan it MCL. Dat wiene sawol telefoanisten as artsen, sawol ferpleechkundigen as koks. De jonge skriuwers makken fan de ophelle ferhalen en anekdotes út it sikehûs in nij, fiktyf ferhaal. Op ‘e sneontejûn fan Explore the North 2016 (yn de Friesche Club) waarden de ferhalen foardroegen – net troch de skriuwers, mar troch de ynterviewde meiwurkers. De skriuwers wiene: Marc van der Holst, Lisa Weeda, Helena Hoogenkamp en Wout Waanders.
Lês op Friesland.nl in stikje werom fan Ziekenhuisproza.
Lês hjir it ferhaal fan Marc van der Holst.