Lân Fan Taal, Explore The North, Grafisch Atelier Friesland & Welcome To The Village - KOP & SCHADUW

Ien op ien gesprek mei in dichter

Efkes yn alle rêst tinke oer de saken fan it libben mei in dichter? Dat koe yn ús festivalhert De Blokhuispoort yn 2017. In keunstnar bielde it petear dat besikers mei de dichter hiene út. De drukkers fan Grafisch Atelier Fryslân makken dêrnei in unyk en tige persoanlike gedenkprent.

Kop & Schaduw is in projekt fan Lân fan taal & Explore the North, yn gearwurking mei Grafisch Atelier Fryslân en Welcome to the Village. Dit projekt wie te sjen op ûnder oare Explore the North 2017 en Welcome to the Village 2017.