Profeten: jo kenne se wol. Se pretendeare de wierheid yn pacht te hawwen en witte presys wêr’t it mei de minskheid nei ta giet. Mar is der ea in profetie útkaam? Trije jonge skriuwers nimme jo – yn opdracht fan Explore the North – mei nei it ferline en tagelyk nei de takomst.
Lotte Lentes, Joost Oomen en Annegreet Bos litte jo sjen hokker takomstfoarsizzings dien binne, en fansels oft se útkommen binne of net. Wat sizze dizze profetieën oer ús en de wrâld fan no? Fansels weagen wy ús ek oan in sterk staaltsje wiersizzen. De skriuwers meitsje elts in eigen profetie. Kinne sy, by de fragiliteit fan it fertrouwen yn it kinnen fan de wierheid, yn ‘e takomst sjen?
Dit projekt wurdt produsearre troch Explore the North. Poetische profetieën wie te sjen op Explore the North 2017.
TERUGLEZEN
- Lês it ferhaal “De Gekookte Profeet” fan Joost Oomen.
- Lês it ferhaal “De earste dei” fan Lotte Lentes.
Lês it ferhaal “Centra” fan Annegreet Bos (skreaun as foardracht).