It stationsgebiet fan Ljouwert, de bân mei dyn broer of suster, it gebit fan dyn nicht: alles feroaret. Do knipst dyn hier ôf, bakst in spacecake en yn de Albert Heijn om de hoek fynst de wei net mear. Soms woest datst in flie wiest. Do wurdst lilk om wat kommersjele mediabedriuwen Bob de Bouwer oandien hawwe. En wat is der yn godsnamme mei dat túnhek bard? Alles is in scheermes is in ferslach fan fyf jonge skriuwers dy’t de wrâld, harsels en inoar feroarjen sjogge. Teksten dy’t snije, skrine en jokje. Spile troch twa profesjonele akteurs en fjouwer jongeren.
Dit projekt is in gearwurking tusken Explore the North en Meeuw Jonge Theatermakers, in resultaat fan it byhearrende ynisjatyf Meeuw Jonge Schrijvers.