Fanôf 1 juny hat de Westerkerk (Tsjintwurdich hjit it Podium Explore) wer foarsichtich har doarren iepene. Hoe is it ek wer om by inoar te kommen en in moaie jûn te belibjen bûten dyn eigen hûs? Elke freed presintearje ferskate partners ûnder de namme ‘Vrij’ in lyts, yntym programma. Meeuw Jonge Theatermakers en Explore the North nimme dy op 26 juny mei yn in oantal ferhalen wêr’t se it ‘Onbekende’ in gesicht jaan, tiidens Het Grote Onbekende. As dat noch net genôch is, jouwe se dy ek in earste blik yn nij wurk troch ferskate teatrale performances. Foarôf kinne jo in hapke mei-ite yn it kafé fan de Westerkerk (bestel wol foarôf dyn dinerticket).
Skylger foarwerpen komme ta libben
Meeuw Jonge Theatermakers en produksjehûs Explore the North begeliede talintfolle jonge auteurs út Fryslân: de Jonge Schrijvers. Tegearre mei Oerol meitsje se elk jier it programma Het Grote Onbekende, in skriuwprojekt wêrfoar’t de jonge makkers it ‘Onbekende’ in gesicht jouwe. Ferline jier wiene it de foto’s fan ûnbekende minsken dy’t it ûnderwerp fan de fantasij fan de skriuwers wiene, wêrnei’t in fysike moeting plakfûn. Dit jier binne it gjin minsken, mar foarwerpen dy’t (op ôfstân) in gesicht krije. Fan oanspielde skelpen oant in hierfiets mei in rammeljend spatboerd: de Jonge Schrijvers skreaune brieven oan de foarwerpen op Skylge.
De ferhalen wurde foar it earst foar in live publyk foardroegen op freed 26 juny. Het Grote Onbekende is ek online te sjen tidens Het Imaginaire Eiland fan Oerol (15 – 19 juny).
In gearwurking tusken Oerol, Meeuw Jonge Theatermakers en Explore the North.
Nij wurk sjen
Lockdown of net: de jonge wurdkeunstners fan Meeuw hawwe de ôfrûne moannen flink trochskreun. Sterker noch, miskien hawwe se wol mear ynspiraasje as ea. Dêrom litte se dy dizze jûn ferskate teatrale performances sjen, basearre op harren eigen teksten. Jo kinne it freed 26 juny yn de Westerkerk belibje!