Wytse Dijkstra & Thomas Venema - Velocity Made Good

Op Oerol 2023 presintearren wy yn ús Explore the North-Hub yn it West-End Teater in nije set fan Velocity Made Good.

Hoe klinkt it wad? En hoe fertaalst it nei muzyk? In aventoerlik ferslach fan twa wiken op in sylboat.

Yn Velocity Made Good sykje de muzikanten nei de wynstiltes en de swiere stoarmen, de lûden dy’t der altyd al wiene en nei dat wat de minske der oan tafoege hat. Tiidens in residinsje fan twa wiken op in sylboat besykje se sa ticht mooglik by de kearn fan de lûden te kommen om se dêrnei in nij libben te jaan en te ferfoarmjen mei effektynstallaasjes. By it fertellen fan it ferhaal fan it wad, de see en de natuer, mei elektronyske stilen, ûntstiet in oar perspektyf. De tocht einiget yn in muzikaal aventoer fol soundscapes en ymprovisaasje.

Oer Thomas Venema en Wytse Dijkstra
Thomas Venema en Wytse Dijkstra meitsje diel út fan de Fryske band The Resurrection. Se wolle in nije manier fan wurkjen en produsearjen ûndersykje troch de pilotproduksje Velocity Made Good. Beide makkers binne op syk nei tiid en romte foar groei, ferbetterjen, ynnovaasje, eksperiment en ûndersyk. Popfabryk stipet beide makkers hjirby en siket foar de presintaasje fan Velocity Made Good de gearwurking mei produksjehûs Explore the North.

Credits
Muzyk en ferhaal | Thomas Venema en Wytse Dijkstra
Koproduksje | Popfabryk

Dizze foarstelling waard presintearre as ûnderdiel fan de Explore the North-hub op Oerol.