Joost Oomen & Kruidkoek - Vruchtjes Eten

In muzikale en literêre foarstelling oer fleurichens

Skriuwer, dichter en performer Joost Oomen (1991) en de garagejazzband Kruidkoek meitsje dy yn Vruchtjes Eten ûnderdiel fan in ûndersyk nei fleurichens. Wat is fleurichens krekt? Wat is it belang fan fleurichens yn in wrâld dy’t stadichoan mear regearre wurdt troch polityk basearre op skrikbylden en bangens? En fansels de grutste fraach dy’t yn ús opkomt: wêrom eins fruchtjes?

De première wie op Explore the North 2019 te sjen.