ZEA - Witst noch dat d'r neat wie (album & tour)

Persoanlik en poëtysk, dat karakterisearret de muzyk fan ZEA. De Fryske band fan Arnold de Boer bestiet al 20 jier en hat oer de hiele wrâld optreden, faak yn it Frysk. De minimale, intime – faak akustyske muzyk – soarget derfoar dat de luisteraars direkt reitsje wurde.

Intyme poëtyske muzyk yn meardere talen.

ZEA presintearret syn bysûndere nije album Witst noch dat d’r neat wie mei in grutte show tiidens Explore the North. Alle songs fan dit album binne yn it byhearrende songbook oerset nei 4 talen. Neist it Frysk, ek Nederlânsk en Ingelsk én in by it nûmer passende fjirde taal, lykas Sranantongo of Wǔhànhuà (Wuhan-Kinaansk). By de oersetting waard hy holpen troch befreone muzikanten. In oantal fan harren komt spesjaal nei Explore the North om mei ZEA op it poadium te stean en de muzyk yn ferskate talen te spyljen. ZEA noeget Song Lua Trio (Vietnameesk), DINA (Frysk) en Guillaume Pool (Sranantongo )út foar dizze geweldige start fan it festival.

It album en de tour fan Witst noch dat d’r neat wie binne in ko-produksje fan ZEA mei Explore the North, De Popfabryk en Subroutine Records. Mei stipe fan Emmaplein Foundation, Boersma-Adema Stichting, en P.W. Janssen’s Friesche Stichting.