Festivalmoanne

Yn novimber is it Explore the North-festivalmoanne! Wy sette útein op 1 novimber mei keunstfestival De Broeikas, fan en foar jonge lokale makkers. Tuskentroch, fan 5 oant en mei 23 novimber, feroaret Podium Explore yn it Stedshert: hjir fynst mear as ien wykein lang fergees programma en in pop-up restaurant.

As spetterjende ôfsluter fan de moanne fynt ús festivalwykein plak op prachtige lokaasjes yn de binnenstêd fan Ljouwert. Yn dat festivalwykein diele jonge makkers en ynternasjonale pioniers it poadium mei-inoar. In wykein fol ferhalen yn alle foarmen.