Selsmoardpoëzie

Wat is der noardliker as selsmoard? Al desennia lang binne de selsmoardsifers yn Skandinavië nogal wat heger as yn de rest fan Europa, en de selsmoardsifers yn Noard-Nederlân heger as yn it súden fan ús lân. Yn dit programma nimme wy it tema selsmoard poëtysk ûnder de loep. Dichters Menno Wigman, Willem Thies, Jan Glas en Daniël Vis droegen op Explore the North 2014 har makabere, reineftige en soms rûnút depressyve gedichten foar. De foarstelling waard ferdjippe troch in koarte lêzing fan in ekspert op it mêd fan depressy en selsmoard en in pianokonsert fan komponist Tsjaikovsky, dy’t selsmoard pleegde troch opsetlik in glês Wolga-wetter te drinken, wêrtroch er stoar oan cholera. Dit is net foar poëzieliefhawwers mei in hiel gevoelige siel!